Elske (@fryskfamke79) 's Twitter Profile
Elske

@fryskfamke79

Frysk en frij | Wâldpyk | mem en frou | rjocht en sljocht | F1-fan | boekewjirm | muzykleafhawwer | hâldt fan skiednis en mytology | bestjoerslid @JongFriezen

ID: 751495260426080256

calendar_today08-07-2016 19:16:47

18,18K Tweet

1,1K Takipçi

1,1K Takip Edilen

Elske (@fryskfamke79) 's Twitter Profile Photo

Douwe Bob steurde him oan 'Sionistyske posters', mar hy wit net iens wat Sionisme betsjut. Ien oan tafel moast dat earst útlizze. Echt, hoe ûnnoazel kinst wêze? En wêrom wie de organisaasje net útnûge? Of meie wy it hiele ferhaal net hearre? In miste kâns! #Renze

Elske (@fryskfamke79) 's Twitter Profile Photo

Anne Popkema: "It ferhaal fan it Aldfrysk is frij unyk yn kontinintaal West-Europa. Dat hat dermei te krijen dat de Friezen der bewust foar keazen om harren rjocht yn it Aldfrysk fêst te lizzen, yn stee fan yn it Latyn." In hiel nijsgjirrich stik! omropfryslan.nl/fy/nijs/176017…

Elske (@fryskfamke79) 's Twitter Profile Photo

Wy binne fan 'e middei op de twadde oernachtingscamping oankaam. Wy ride moarn it lêste stikje nei ús camping yn Spanje. It giet poerbêst! 😁

Elske (@fryskfamke79) 's Twitter Profile Photo

"Wâldpiken, heten ze. Ze zijn trots, hebben het hart op de tong, bouwen elkaars huizen, spreken hun eigen Friese taaltje, drijven graag handeltjes en je moet een beetje voor ze uitkijken, want ze hebben graag een mes op zak." 🤣 #ProudWâldpyk

René Oterdoom (@friespunt) 's Twitter Profile Photo

#Hjoed yn 1942 waard de pater karmelyt Titus Brandsma yn 'e âldens fan 61 jier troch de nazi's yn konsintraasjekamp Dachau fermoarde, dêr't hy telâne kaam wie om syn ferset tsjin it nasjonaalsosjalisme. Op 15 maaie 2022 waard hy troch paus Franciscus hillich ferklearre. #FryskX

#Hjoed yn 1942 waard de pater karmelyt Titus Brandsma yn 'e âldens fan 61 jier troch de nazi's yn konsintraasjekamp Dachau fermoarde, dêr't hy telâne kaam wie om syn ferset tsjin it nasjonaalsosjalisme. Op 15 maaie 2022 waard hy troch paus Franciscus hillich ferklearre.

#FryskX
Elske (@fryskfamke79) 's Twitter Profile Photo

De Tramontana wyn is hjir heftich. In bôgestôk fan ús luifel is brutsen, mar dat is foar no wol te reparearjen. Wy keapje nei de fakânsje wol in nijenien. De wyn jout him jûn wer del. Fierder is it hjir noflik en waarm. Wy fermeitsje ús bêst! 🌞

Elske (@fryskfamke79) 's Twitter Profile Photo

Wy hawwe hjoed nei El Pas de la Casa yn Andorra west. It wie sa'n prachtige rûte. En it leit sa heech yn 'e bergen. Ik begûn der spontaan fan te jodeljen! 🤣

Wy hawwe hjoed nei El Pas de la Casa yn Andorra west. It wie sa'n prachtige rûte. En it leit sa heech yn 'e bergen. Ik begûn der spontaan fan te jodeljen! 🤣
Elske (@fryskfamke79) 's Twitter Profile Photo

Wy binne wer thús. Wat is it hjir lekker...Spaanske temperatueren haha. Wy hawwe it dizze kear teminsten net kâld. Dat hat wolris oars west! 😁